Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Nijs oersjoch

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan maaie 2026

In nije moanne, in nije BoekeTIP10 mei wer in tal prachtige en nijsgjirrige titels! In boek fertsjinnet in plakje op dy list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Fansels […]

Nij ferskynd by de Afûk: Ate en de seeheks

By de Afûk is in prachtich nij berneboek ferskynd: Ate en de seeheks. It is it debút fan Elbrich Vreeling, dy’t ek de yllustraasjes foar it boek makke.

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter wer iepensteld

Alle berne-opfanglokaasjes, skoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân kinne fan 22 april oant en mei 30 septimber 2026 wer subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is fan ‘t jier € 1.000.000,- beskikber. De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 […]

It Taalkafee: op leechdrompelige wize oefenje mei Frysk praten

It Taalkafee is in nije workshop yn it kursusoanbod fan de Afûk. De earste rige fan fjouwer Taalkafees is krekt ôfsluten en wie in grut súkses. In groep fan 10 entûsjaste dielnimmers kaam de ôfrûne perioade ien kear yn de moanne byinoar yn Kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar om op een gesellige en leechdrompelige […]

Hoe asto ek in bydrage leverje kinst oan it Frysk

Wat it libben dy bringt, hast net altyd foar it kiezen, mar oarsom jildt ek: kinst wol bewust foar dingen kieze yn dyn libben. Sa kinst der bygelyks foar kieze om yn in testamint fêst te lizzen wat der nei dyn ferstjerren mei dyn besittingen barre moat. In legaat neilitte of in skinking dwaan oan […]

De Afûk-side fan sneon 4 april

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

It fergetten wurd fan tongersdei 2 april is: ‘tsjen’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan: tsjen. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?

Earste Moanne yn 25-jierrich jubileumjier ferskynd

De earste papieren Moanne fan it jubileumjier, de 25ste jiergong, is út! It is in echt jubileumnûmer wurden, mei meardere artikels dy’t kleure binne troch dat jubileum. No by alle abonnees op de matte én te keap yn de Fryske boekhannels.

In nije Gjalp is út gien!

Op it Lettertreffen fan Leeuwarden City of Literature is tongersdei 26 maart 2026 de nije Gjalp lansearre. De Gjalp is in iepen oprop foar skriuwers en dichters. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.