📢 VACATURE!‼️ Wy binne mbû siket in kreatyf kommunikaasjetalint! Hâldsto fan kommunikaasje, taal én ûnderwiis? Dan past dizze funksje by dy! Wy sykje in kollega dy’t: 🔹 PR- en promoasjemateriaal mei-ûntwikkelet 🔹 de webside & socials beheart 🔹 meiwurket oan projekten foar it Frysk yn it beropsûnderwiis 🔹 Lesmateriaal foar mbû en hbû ûntwikkelet Do bringst mei: Hbû-nivo, moderne marketingkennis, sterke skriuwfeardigens, selsstannigens & teamspirit, én in goede behearsking fan Frysk en Nederlânsk. 𝗞𝗶𝗻𝘀𝘁𝗼 𝗻𝗲𝘁 𝘄𝗮𝗰𝗵𝘁𝘀𝗷𝗲 𝗼𝗺 𝗱𝘆𝗻 𝗸𝗿𝗲𝗮𝘁𝗶𝘃𝗲 𝗲𝗻𝗲𝗿𝘇𝗷𝘆 𝘆𝗻 𝘁𝗲 𝘀𝗲𝘁𝘁𝗲𝗻 𝗳𝗼𝗮𝗿 𝗶𝘁 û𝗻𝗱𝗲𝗿𝘄𝗶𝗶𝘀 𝘆𝗻 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗹â𝗻? Dan hearre wy graach fan dy! Sjoch gau op de website fan de Afûk foar de folsleine fakatuere: 🔗 www.afuk.frl/fakatueres 𝗦𝘁𝗷𝗼𝗲𝗿 𝗱𝘆𝗻 𝗿𝗲𝗮𝗸𝘀𝗷𝗲 𝗲𝗻 𝘄𝘂𝗿𝗱 ú𝘀 𝗻𝗶𝗷𝗲 𝗸𝗼𝗹𝗹𝗲𝗴𝗮 𝗯𝘆 𝗪𝘆 𝗯𝗶𝗻𝗻𝗲 𝗺𝗯û! #Frysk #Kommunikaasje #Marketing #Lesmateriaal #MBÛ #HBÛ #Vacature #fakatuere #Onderwijs #Fryslân #TaalEnKultuer #PR #ContentCreation #WyBinneMbû #Afûk #Aeres #Firda
Afûk
Writing and Editing
Leeuwarden, Friesland 1,475 followers
De Afûk is in aktive organisaasje dy't as doel hat de Fryske taal in folweardich plak te jaan yn de Fryske mienskip.
About us
De Afûk is in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei de Fryske taal en kultuer yn de meast brede sin fan it wurd. Wy ûntwikkelje kursussen en lesmateriaal Frysk -ek online-, jouwe boeken út foar bern en folwoeksenen, hawwe in eigen boekwinkel en dogge oan taalpromoasje en taalstipe.
- Website
-
http://www.afuk.frl
External link for Afûk
- Industry
- Writing and Editing
- Company size
- 11-50 employees
- Headquarters
- Leeuwarden, Friesland
- Type
- Nonprofit
- Founded
- 1928
- Specialties
- Taalpromoasje / Language promotion, Fryske taal / Frisian language, Utjouwerij / Publishing, Boek- en kadowinkel / Book- and giftshop, and Edukaasje / Education
Locations
-
Primary
Get directions
Boterhoek 3
Leeuwarden, Friesland 8911 DH, NL
Employees at Afûk
Updates
-
"𝐌𝐞𝐢 𝐡𝐮𝐦𝐨𝐫, 𝐛𝐞𝐭𝐫𝐨𝐮𝐰𝐞𝐧 𝐞𝐧 𝐢𝐧 𝐭𝐡ú𝐬-𝐠𝐞𝐟𝐨𝐞𝐥 𝐤𝐨𝐦𝐬𝐭 𝐡𝐢𝐞𝐥 𝐟𝐢𝐞𝐫, 𝐝ê𝐫 𝐝𝐨𝐠𝐠𝐞 𝐰𝐲 𝐢𝐭 𝐟𝐨𝐚𝐫!" 💬𝘠𝘯𝘵𝘦𝘳𝘷𝘪𝘦𝘸 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘬 𝘺𝘯 '𝘦 𝘴𝘰𝘢𝘳𝘤𝘩💬 Tineke fan 𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒚𝒏 ’𝒆 𝒔𝒐𝒂𝒓𝒄𝒉 hat wer op ’en paad west en dit kear nei Recreatieboerderij Slachtehiem yn Lollum. In pleats dêr’t eartiids kij molken waarden en dêr’t no in moaie deisoarchlokaasje is. Lenie en Klaas binne yn 2007 starten mei it bedriuw. No yn 2026 hawwe se in prachtich team om harren hinne foar minsken mei ferskate problematiken. Lenie en Stefan fertelle mei watfoar passy sy alle dagen klear stean foar de minsken. Stefan: "Mei-inoar wolle wy de âlderen in hiel moaie âlde dei jaan. Elkenien kriget hjir in kâns." Lenie: "Wy prate hjir fan alles, wy kinne allegearre Nederlânsk en Frysk en ek in soad stedsfrysk sa as Harnsers, Franekers en Boalserters! It is belangryk datst de goeie taal brûkst en datst ek de goeie útstrieling hast. Ast lakest en/of freonlikheid útstrielest, krigest dat ek werom. It moat yn dyn hert sitte, dan giet it mei passy en giet alles mear 'automatysk'. En hoe geane sy om mei taal yn 'e soarch? "Wy kommunisearje posityf mei de minsken. Ast stjoerend wêze moast, dan kinst dyn wurden sa kieze, datst net hurd “nee” hoechst te sizzen, mar toch itselde seist. Dat rekket it gefoel op in moaie manier", fertelt Stefan. 🆕 Lês it folsleine ynterview mei Lenie en Stefan op de nije website fan 𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒚𝒏 ’𝒆 𝒔𝒐𝒂𝒓𝒄𝒉: https://lnkd.in/eXENpcJb Op de foto: Lenie en Stefan.
-
-
𝐆𝐨𝐞𝐝 𝐧𝐢𝐣𝐬! 𝐃𝐞 𝐬𝐮𝐛𝐬𝐲𝐝𝐳𝐣𝐞𝐫𝐞𝐠𝐞𝐥𝐢𝐧𝐠 '𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒇𝒐𝒂𝒓 𝒏𝒐 𝒆𝒏 𝒍𝒆𝒕𝒕𝒆𝒓' 𝐢𝐬 𝐰𝐞𝐫 𝐢𝐞𝐩𝐞𝐧𝐬𝐭𝐞𝐥𝐝! Alle berne-opfanglokaasjes en skoallen yn Fryslân kinne fan 22 april oant en mei 30 septimber 2026 wer subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. 💶Der is fan ‘t jier € 1.000.000,- beskikber! De subsydzje kin ynsetten wurde foar Frysktalich les- en lêsmateriaal, kultuer- of erfgoededukaasje, oplieding of kursus, it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis (Taalryk-skoallen) en it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer.💪 💬Deputearre Eke Folkerts: “Mei dizze regeling wurde skoallen, opfanglokaasjes en bestjoeren stimulearre en stipe om op ’e nij nei harren ambysjes foar de Fryske taal en kultuer te sjen. Yn kombinaasje mei Taalplan Frysk 2030 ynvestearje wy mei dizze regeling yn de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis op alle opfanglokaasjes en skoallen en op alle ûnderwiisnivo’s.” De subsydzjeregeling '𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒇𝒐𝒂𝒓 𝒏𝒐 𝒆𝒏 𝒍𝒆𝒕𝒕𝒆𝒓' is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 en is ek opnommen yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) dy’t Provincie Fryslân en it Ryk sletten hawwe. 🤝 De subsydzje kin oanfrege wurde fia de website fan de provinsje Fryslân. 🔗https://lnkd.in/ddn7mGAE Sjoch ek de webside fan Taalplan Frysk 2030. 🔗 https://lnkd.in/eHH6WBDe
-
-
Afûk reposted this
🔔 𝗗𝗲𝗻𝗸 𝗺𝗲𝗲 𝗼𝘃𝗲𝗿 𝗲𝗲𝗻 𝗻𝗶𝗲𝘂𝘄 𝗹𝗲𝘀𝗽𝗿𝗼𝗴𝗿𝗮𝗺𝗺𝗮 𝗿𝗼𝗻𝗱 𝗸𝗼𝗻𝗶𝗻𝗴 𝗥𝗲𝗱𝗯𝗮𝗱 Graag zouden we je willen uitnodigen voor een bijeenkomst voor het ontwikkelen van een lesprogramma rondom Koning Redbad voor bovenbouw PO en onderbouw VO. Het lesprogramma zal raakvlakken hebben met de vakken Fries, Nederlands, Burgerschap, Wereldoriëntatie, Geschiedenis en Levensbeschouwing, en zorgt voor verbinding tussen verleden, heden en toekomst. Momenteel wordt er door Omrop Fryslân hard gewerkt aan een Tsjil Tsjekt videoreeks (zie hier voor een eerdere reeks die als inspiratie dient: https://lnkd.in/e4HtJt7r), die de basis zal vormen van het lesprogramma. De videoreeks zal Nederlands worden ondertiteld. Bij deze videoreeks worden zowel in het Nederlands als in het Fries, opdrachten/lesbrieven ontwikkeld, in samenwerking met de Afûk. Deze opdrachten/lesbrieven zouden we graag met input van docenten willen samenstellen om het lesprogramma zo passend mogelijk te maken bij de belevingswereld van de leerlingen en de onderwerpen die in de klas worden besproken. 📚 Wat kun je verwachten? - Meedenken over lesmateriaal dat aansluit bij de belevingswereld van leerlingen. - Thema’s zoals identiteit, macht, cultuur en verandering - Een actieve aanpak waarin leerlingen onderzoeken, vragen stellen en zelf betekenis geven. 📍 Wanneer en waar? 11 mei, 15:00–17:00 Fries Museum, Leeuwarden Werk jij in het onderwijs of ken je iemand voor wie dit interessant is? Geef je hier op: https://lnkd.in/eaRWqd7c of deel dit bericht. #interregdnl
-
-
Afûk reposted this
Wist je dat het wensenboekje, met dank aan Afûk, is vertaald in het Fries en dat je het ook digitaal kunt invullen?
-
In suksesfolle dei, in feestlike ôfsluting én in moaie stap foar it Frysk yn it fuortset ûnderwiis, ferline wike yn it Provinsjehûs! 🤩 "𝘡𝘪𝘫𝘯 𝘥𝘦 𝘦𝘹𝘢𝘮𝘦𝘯𝘱𝘳𝘰𝘨𝘳𝘢𝘮𝘮𝘢’𝘴 𝘍𝘳𝘪𝘦𝘴 𝘣𝘦𝘨𝘳𝘪𝘫𝘱𝘦𝘭𝘪𝘫𝘬, 𝘣𝘳𝘶𝘪𝘬𝘣𝘢𝘢𝘳 𝘦𝘯 𝘩𝘢𝘢𝘭𝘣𝘢𝘢𝘳? 𝘛𝘪𝘫𝘥𝘦𝘯𝘴 𝘥𝘦 𝘴𝘭𝘰𝘵𝘥𝘢𝘨 𝘍𝘳𝘪𝘦𝘴 𝘨𝘢𝘷𝘦𝘯 𝘭𝘦𝘳𝘢𝘳𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘴𝘤𝘩𝘰𝘰𝘭𝘭𝘦𝘪𝘥𝘦𝘳𝘴 𝘩𝘶𝘯 𝘭𝘢𝘢𝘵𝘴𝘵𝘦 𝘧𝘦𝘦𝘥𝘣𝘢𝘤𝘬 𝘰𝘱 𝘥𝘦 𝘤𝘰𝘯𝘤𝘦𝘱𝘵𝘦𝘹𝘢𝘮𝘦𝘯𝘱𝘳𝘰𝘨𝘳𝘢𝘮𝘮𝘢’𝘴 𝘍𝘳𝘪𝘦𝘴𝘦 𝘵𝘢𝘢𝘭 𝘦𝘯 𝘤𝘶𝘭𝘵𝘶𝘶𝘳." 👉 De nije eksamenprogramma's (eintermen) Fryske taal en kultuer sille yn septimber 2028 yngean. Afûk hat yn dit trajekt it online platfoarm 'Searje 36' beskikber steld sadat de dosinten dêr lesmaterialen op fine kinne. Dêrby hawwe wy foar Cito proeftoetsen digitaal oanbean, sadat der op in nije manier toetst wurde koe en der feedback sammele wurde koe fan learlingen yn de boppebou.❣️ Mear ynfo: https://lnkd.in/edRSGWTS 👇 𝘏𝘰𝘦 𝘭𝘦𝘳𝘢𝘳𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘴𝘤𝘩𝘰𝘰𝘭𝘭𝘦𝘪𝘥𝘦𝘳𝘴 𝘵𝘦𝘳𝘶𝘨𝘣𝘭𝘪𝘬𝘬𝘦𝘯 𝘰𝘱 𝘩𝘦𝘵 𝘣𝘦𝘱𝘳𝘰𝘦𝘷𝘦𝘯? 𝘌𝘦𝘯 𝘸𝘢𝘳𝘮 𝘸𝘦𝘭𝘬𝘰𝘮, 𝘪𝘯𝘴𝘱𝘪𝘳𝘦𝘳𝘦𝘯𝘥, 𝘦𝘦𝘯 ‘𝘣𝘰𝘱𝘱𝘦𝘴𝘭𝘢𝘤𝘩’, 𝘷𝘦𝘦𝘭 𝘯𝘪𝘦𝘶𝘸𝘦 𝘬𝘦𝘯𝘯𝘪𝘴, 𝘩𝘦𝘵 𝘥𝘳𝘢𝘢𝘨𝘵 𝘣𝘪𝘫 𝘢𝘢𝘯 𝘦𝘦𝘯 𝘵𝘢𝘢𝘭𝘷𝘳𝘪𝘦𝘯𝘥𝘦𝘭𝘪𝘫𝘬𝘦 𝘴𝘤𝘩𝘰𝘰𝘭 𝘦𝘯 𝘮𝘦𝘦𝘳𝘵𝘢𝘭𝘪𝘨𝘩𝘦𝘪𝘥, 𝘦𝘦𝘯 𝘶𝘯𝘪𝘦𝘬𝘦 𝘴𝘢𝘮𝘦𝘯𝘸𝘦𝘳𝘬𝘪𝘯𝘨 𝘦𝘯 𝘴𝘢𝘮𝘦𝘯 𝘷𝘰𝘰𝘳𝘶𝘪𝘵! 💪
Nije eksamenprogramma’s Fryske taal en kultuer hast klear (NL hieronder 👇) Der wurdt wurke oan nije eksamenprogramma's (eintermen) Fryske taal en kultuer. Dit skoaljier hawwe 8 skoallen de konsept-eksamenprogramma's en de byhearrende konsept-syllabussen test. Tongersdei 9 april waard de testfaze ôfsletten mei in slotgearkomste yn it Provinsjehûs. Ferwachte wurdt dat de nije eksamenprogramma's op 1 septimber 2028 yngean sille. By de gearkomste wiene dosinten Frysk en meiwurkers fan SLO, College van Toetsing en Examen (CvTE), Cito en Taalplan Frysk 2030-partners lykas Afûk en Cedin oanwêzich. Sy bepraten de resultaten fan de testfaze. Deputearre Eke Folkerts krige in pompeblêd oerlange dêr't winsken op skreaun binne dy't der oan bydrage dat de eintermen goed ymplemintearre wurde kinne. Idske Bangma, dosint Fryske taal en kultuer CSG Anna Maria Schurman yn Frjentsjer en wurksum foar it SLO: ‘It is de slotdei, mar it fielt as in nij begjin. Der leit aanst in prachtich eksamenprogramma, dêr't wy as dosinten Frysk hiel entûsjast oer binne. Us learlingen fertsjinje in goed oanbod Fryske taal en kultuer en de eintermen slute by de belibbingswrâld oan.’ Mear ynfo sjoch op ús webside SLO | College voor Toetsen en Examens | Cito | AFUK | CEDIN | Taalplan Frysk 2030 | Csg. Anna Maria van Schurman | Eke Folkerts -- Nieuwe examenprogramma’s Friese taal en cultuur bijna klaar Er wordt gewerkt aan nieuwe examenprogramma's (eindtermen) Friese taal en cultuur. Dit schooljaar hebben 8 scholen de conceptexamenprogramma's en de bijbehorende conceptsyllabi voor vmbo-gl/tl, havo en vwo uitgeprobeerd. Donderdag 9 april werd de testfase afgesloten met een slotbijeenkomst in het Provinsjehûs. Verwacht wordt dat de nieuwe examenprogramma's op 1 september 2028 in werking zullen treden. Bij de bijeenkomst waren docenten Fries en medewerkers van SLO, College van Toetsing en Examen (CvTE), Cito en Taalplan Frysk 2030-partners zoals Afûk en Cedin aanwezig. Zij bespraken de resultaten van de testfase. Gedeputeerde Eke Folkerts kreeg een pompeblêd overhandigd waarop wensen geschreven zijn die eraan bijdragen dat de eindtermen goed geïmplementeerd kunnen worden. Idske Bangma, docent Friese taal en cultuur CSG Anna Maria Schurman in Franeker en werkzaam voor het SLO: ‘Het is de slotdag, maar het voelt als een nieuw begin. Er ligt straks een prachtig examenprogramma, waarover wij als Friese docenten heel enthousiast zijn. Onze leerlingen verdienen een goed aanbod Friese taal en cultuur en de eindtermen sluiten bij de belevingswereld aan.’ Meer info op onze website
-
-
Afûk reposted this
De Voorleeshoek zoekt Junior Video Editors! 🚀 Ben jij 🫵 een freelance video editor met een Friese achtergond? Wil jij voor een superleuke streamingdienst voor kinderen aan de slag? Reageer dan nu! https://lnkd.in/eg-qADfC #devoorleeshoek #video #editor #freelance #vacature
-
-
Wy binne nominearre foar It Gouden Pompeblêd yn de kategory audio! 😀 Mei ús Praat mar Frysk-radiospot "𝘖𝘱𝘧𝘢𝘭𝘭𝘦? 𝘐𝘵 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘬 𝘸𝘶𝘳𝘬𝘦𝘵!" meitsje wy kâns op dizze moaie priis ❤️ It Gouden Pompeblêd is de publykspriis foar de meast kreative, pakkende en ympakfolle commercial fan 2025 by Omrop Fryslân. 𝐒𝐭𝐢𝐦 𝐨𝐩 ú𝐬 𝐏𝐫𝐚𝐚𝐭 𝐦𝐚𝐫 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤 𝐜𝐨𝐦𝐦𝐞𝐫𝐜𝐢𝐚𝐥! 🎖️ Hat ús reklame dy ferrast, rekke of oertsjûge? Fynsto dat ús spot derút springt troch orizjinaliteit, stoarytelling of in krêftich boadskip? Bring dan gau dyn stim út! 👉 https://lnkd.in/e7ZuYz2B 𝗦𝘁𝗶𝗺𝗺𝗲 𝗸𝗶𝗻 𝗼𝗮𝗻𝘁 𝗲𝗻 𝗺𝗲𝗶 𝟴 𝗮𝗽𝗿𝗶𝗹.🙏 PraatMarFrysk! | Omrop Fryslân | Omrop Fryslân Reklame
-
-
Ferline wike (16 en 17 maart) hat ús kollega Mirjam Vellinga in presintaasje jûn yn Barcelona op it 2e ynternasjonale SGÔR-sympoasium oangeande minderheidstalen en fuotbal (en sport yn it algemien). Sy hat dêr ferteld oer de aktiviteiten dy't de Afûk docht om it Frysk mear sichtber te meitsjen by sportferieningen. Yn de presintaasje kamen û.o. de moaie gearwurkingen mei de Harkemase Boys, de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB) en it Frysk Ljeppers Boun oan bod. Mirjam: "It wie hiel ynteressant om te hearren wat se yn oare minderheidstalen mei sport en benammen fuotbal dogge. Sa hat it Welsh Nasjonale fuotbalteam in grutte ympekt op de sichtberens en de bekendheid fan de Welshe taal oer de hiele wrâld en dat beynfloedet de fans ek wer."👍 Der wurdt sjoen oft it sympoasium takom jier yn Fryslân hâlden wurde kin. Dêroer letter mear. 😊 It sympoasium waard dit kear organisearre troch Plataforma per la Llengua, European Centre for Minority Issues (ECMI) en de Welsh Government. De sichtberensaktiviteiten wurde mei mooglik makke troch de Provincie Fryslân.
-
-
-
-
-
+1
-
-
Wát in moaie aksje! 🎁 Foar alle Fryske bassiskoallen in eksimplaar fan 'Wetter'! 😍👏 De lesbrief stiet op de website fan Wetterskip Fryslân: https://lnkd.in/en6GgWjx Foar wa't it boek 'Wetter' noch net hat, of der mear oer witte wol, sjoch: https://lnkd.in/ex4R8VKv Linda de Haan |
Vanuit deze stapel dozen naar klaslokalen in Fryslân 📦 Deze week hebben alle Friese basisscholen hun eigen exemplaar van Wetter ontvangen: een Friestalig prentenboek over water, de watersnoodramp van 1825 én het belang van water in ons dagelijks leven. Bij het boek hoort ook een lesbrief, zodat scholen direct met het thema aan de slag kunnen. 📃 Op Wereld Waterdag (22 maart) stond water wereldwijd extra in de aandacht. Een mooi moment om het gesprek in de klas te voeren over hoe het ons dagelijks leven beïnvloedt, dichtbij én verder weg. Werk je met het boek? Deel gerust ervaringen of voorbeelden uit de klas en tag ons. We kijken graag mee hoe het verhaal tot leven komt! 𝘎𝘦𝘴𝘤𝘩𝘳𝘦𝘷𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘨𝘦ï𝘭𝘭𝘶𝘴𝘵𝘳𝘦𝘦𝘳𝘥 𝘥𝘰𝘰𝘳 𝘓𝘪𝘯𝘥𝘢 𝘥𝘦 𝘏𝘢𝘢𝘯. 𝘌𝘦𝘯 𝘴𝘢𝘮𝘦𝘯𝘸𝘦𝘳𝘬𝘪𝘯𝘨 𝘮𝘦𝘵 Afûk.
-