Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan: tsjen. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?
De earste papieren Moanne fan it jubileumjier, de 25ste jiergong, is út! It is in echt jubileumnûmer wurden, mei meardere artikels dy’t kleure binne troch dat jubileum. No by alle abonnees op de matte én te keap yn de Fryske boekhannels.
Op it Lettertreffen fan Leeuwarden City of Literature is tongersdei 26 maart 2026 de nije Gjalp lansearre. De Gjalp is in iepen oprop foar skriuwers en dichters. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.
In nije moanne, in nije BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer […]
De Praat mar Frysk-radiocommercial ‘Opfalle? It Frysk wurket!’ is nominearre foar it Gouden Pompeblêd, dé publykspriis foar de meast kreative, pakkende en ympaktfolle commercial fan 2025 by Omrop Fryslân! Hatsee! Fynsto dat wy dy priis ek écht fertsjinje? Dyn stim bringst oant en mei 8 april út fia adverteren/omropfryslan.nl.
Fryslân hat in brûzjend Frysktalich kultureel libben fan berops- en amateurkeunstners. Sa is de provinsje fan âlds ryk oan toanielselskippen.
Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]
Taal is bepalend foar it wolwêzen fan minsken dy’t soarch nedich hawwe. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargers sprutsen wurdt.