Taallear-app update
Njonken in soad positive reaksjes, wiene der fansels ek krityske noaten. De komende wiken wurdt de feedback ferwurke en sil de lêste slach slein wurde yn de ûntwikkeling en foarmjouwing fan de app. De app sil yn de rin fan ’e maitiid lansearre wurde. Tagelyk dêrmei wurdt dan ek de definitive namme fan de app bekend makke.
De Taallear-app is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar ek foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle, is de app hiel geskikt. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it Frysk.
Op ’e hichte bliuwe? Abonnearje dy dan op de moanlikse nijsbrief fan de Afûk.
𝘋𝘦 𝘳𝘦𝘢𝘭𝘪𝘴𝘢𝘢𝘴𝘫𝘦 𝘧𝘢𝘯 𝘥𝘦 𝘛𝘢𝘢𝘭𝘭𝘦𝘢𝘳-𝘢𝘱𝘱 𝘸𝘶𝘳𝘥𝘵 𝘮𝘦𝘪 𝘮𝘰𝘰𝘨𝘭𝘪𝘬 𝘮𝘢𝘬𝘬𝘦 𝘵𝘳𝘰𝘤𝘩 𝘪𝘯 𝘧𝘪𝘯𝘢𝘯𝘴𝘫𝘦𝘭𝘦 𝘣𝘺𝘥𝘳𝘢𝘨𝘦 𝘧𝘢𝘯 𝘥𝘦 𝘱𝘳𝘰𝘷𝘪𝘯𝘴𝘫𝘦 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘭â𝘯.

Taallear-app testjûn, foto Afûk